Earelid Ludzer Bijlsma ferstoarn.

Moandei 19 july 2021 is yn’e âldens fan 91 jier ferstoarn ús âld bestjoerslid Ludzer Bijlsma. Bijlsma kaam eartiids yn it iisklup bestjoer yn de funksje fan twadde sekretaris, en al ridlike gau pakte Ludzer ek de mikrofoan yn hannen. Dizze funksjes hie Bijlsma oant syn ôfskied as bestjoerslid. Yn de annalen fan de iisklup is net krekt werom te finen hoe lang hy foar de iisklup yn it spier west hat. Foar al syn wurk yn it iisklup bestjoer waard er by syn ôfskied beneamd ta Earelid fan IJsclub “Bergum”. Syn krêftich stimlûd liet er faak hearre oer de iisbaan fan Burgum. De lûdsprekkers trillen derfan en yn de fiere omkriten wisten de minsken hokker kant se omride moasten en wannear de masinen op it iis kamen om de baan te feien. Dat alles ôfwiksele mei muzyk fan de Egerländer Musikanten. Syn waarme belangstelling foar de iisklup, hâlde wy yn ús neitins. Ek nei syn ôfskied as bestjoerslid kaam er trou nei de ledegearkomsten. Wy winskje syn bern en pakesizzers in soad sterkte ta de kommende tiid.

Geef een reactie

Deze site gebruikt Akismet om spam te verminderen. Bekijk hoe je reactie-gegevens worden verwerkt.