Earelid Cor van den Adel ferstoarn.

Freed 23 july 2021 is yn’e âldens fan 93 jier ferstoarn ús âld bestjoerslid Cor van den Adel. Van den Adel kaam yn 1967 yn it bestjoer fan de iisklup en makke fuortendaliks de ferhuzing fan de âld iisbaan (no de Kûpersstrjitte) nei de baan by de Burgumerbrêge mei. In grut part fan it bestjoer wie doedestiids ôfgeand en der moatst in bestjoer komme dat alle geloofsrjochtingen fan Burgum fertsjintwurdige. Van den Adel krige de funksje fan iismaster en soarge foar de ynkeap en it ûnderhâld fan de materialen. Dizze funksjes fersoarge Van den Adel oant syn ôfskied as bestjoerslid yn de ledegearkomste fan 2002. As oprjochter en direkteur fan oannimmersbedriuw C. van den Adel wiene der koarte lyntsjes as de iisklup ris grut materieel nedich hie by wurksumheden oan de baan. Ek sette hy syn personiel by’t winter yn om de iisbaan te feien. Foar al syn wurk as bestjoerslid, 35 jier lang, waard er by syn ôfskied beneamd ta Earelid fan IJsclub “Bergum”. Hy krige in fraai grafearde karaf mei it iiskluplogo as tank. Wy winskje syn frou, bern en pake- en oerpakesizzers in soad sterkte ta de kommende tiid.

Geef een reactie

Deze site gebruikt Akismet om spam te verminderen. Bekijk hoe je reactie-gegevens worden verwerkt.