In Memoriam

Jacobus Willem (Koos) Scherjon ☆ 13 desimber 1954 – † 6 febrewaris 2021

It winterskoft wie syn grutte passy …, sa stie it op de roukaart fan Koos. Mei in dûbeld gefoel namen we ôfskie fan Koos yn it winterskoft fan febrewaris 2021. Syn lêste rit brocht him lâns syn iisbaan, dêr’t er safolle jierren foar yn it spier west hat. Sels Kening Winter wie stil. Prachtich winterwaar en wynstil wie it, in strakblaue loft, de flaggen healstôk oan de mêst. De hjoeddeiske bestjoersleden, eareleden, âld bestjoersleden en oare kunde yn de earehage foar in lêste groet oan de ponghâlder, dy’t mar leafst 37 jier yn it iisklupbestjoer siet. In momint fan stilte mei in brok yn’e kiel, sa ha we Koos neisjoen oan’t er oer de Burgumer brêge út it sicht wie. In dûbeld gefoel, om’t krekt dy dei de bernebaan iepen koe. De iisbaan foar de bern dêr’t Koos safolle war foar dyn hie, njonken de grutte multyfunksjonele baan. Ek dy grutte baan kin troch Koos syn trochsetten noch altiten hielendal ûnder wetter set wurde.

Koos is berne yn de wintermoanne fan ’54. As twadde bern út de húshâlding fan Durk en Jannie Scherjon-van der Meer. Jannelies wie syn âldere sus en letter kamen der noch twa broers, Taeke en Theun. In gesin dêr’t sport in wichtich plak ynnaam, benammen it reedriden. Mem Jannie hat ferskate prizen wûn by wedstriden op it iis. Koos hat wis it reedriden leard op de Kolk, it wetter tusken it molkfabryk en “De Drie Gekroonde Baarzen”. Neffens eigen sizzen hat er ek in blaumoandei by it fuotbaljen west. Dat duorre net sa lang, Koos balle foar syn plesier en de echte winnersmentaliteit siet der net yn. Hikke en tein op de Burgumerdaam. Syn hiele libben hat hy op’e Daam wenne, oant 2008 op nûmer 10. Doe ferkocht er it âlderlik hûs en liet in nijbou wente sette neist de Kolk. In prachtich plakje, mei de markols, reidhintsjes en einen yn de reiden om him hinne. De âlde parre- en apelbeammen dy’t safolle frucht joegen, dat er it lang net ferite koe.

Nei syn skoaltiid kaam Koos yn de suvel telâne, krektlyk as syn heit dy’t wurksum wie op it Burgumer molkfabryk. Hy wie ferpakkingsspesjalist by Friesland Foods, letter oergeand yn FrieslandCampina. Hy begûn yn Ljouwert en letter waard syn stânplak Beilen, moarns betiid fan hûs en jûns let thús. As der yn it bûtenlân in suvelfabryk iepene waard of der kaam in nije ferpakkingsline, stapte Koos mei in pear kollega’s it fleantúch yn. Tafersjoch op de realisaasje fan it nije spul brocht him oer de hiele wrâld. In pear jier foar syn pensjoen naam er ûntslach en liet him foar itselde wurk ynhiere as zzp’er. Troch syn kennis fan saken waard er hieltyd wer frege, mar hy koe sels bepale as er in opdracht oannaam as net.

Yn de ledegearkomste fan novimber 1983 fan de Burgumer iisklup, kaam Koos op oantrunen fan syn heit yn it bestjoer fan IJsclub “Bergum”. Heit naam nei mear as 20 jier bestjoerslid west te ha ôfskied, en de soan kaam yn it bestjoer. Hy waard as opfolger fan Binne Tiemersma fuortendaliks ponghâlder en hat dat mar leafst 37 jier folhâlden. Hoewol’t Koos der in hiel eigen wize fan boekhâlden op nei hâlde, wiene de finansjele saken altiten goed foarinoar. De kaskommisjes joegen fiat oan de ledegearkomsten om it bestjoer decharge te ferlienen, al dy jierren wer troch it prima rekkenwurk fan Koos. Wie it winter en der koene wedstriden ferriden wurde, dan soarge Koos foar de listen mei dielnimmers. Eltse omloop wer in nije list, oant der in winner oerbleau. En moast de baan fage wurde, dan luts er de âld blauwe oeral oer de winterklean. De redens ûnder en achter de fei-masine oan. Spitigernôch hat er de einstreek net helle, moaie oantinkens en ferhalen efterlittend.

Koos oan de start by in wedstryd op de âlde iisbaan (foar 1967), út it plakboek fan himsels.

Geef een reactie

Deze website gebruikt Akismet om spam te verminderen. Bekijk hoe je reactie-gegevens worden verwerkt.