Lid fan Fertsjinste Klaas Kloosterman ferstoarn.

Saterdei 29 apil 2017 is yn’e âldens fan 93 jier ferstoarn ús âld bestjoerslid Klaas Kloosterman. Fanôf begjin jierren ’60 oant 1983 siet Kloosterman yn it iisklup bestjoer yn de funksje fan algemien bestjoerslid. As (gemeente-)timmerman wie hy tige handich, wat syn eagen seagen, koene syn hannen meitsje. In eigenskip dy’t goed fan pas kaam by allerhande putsjes rûnom de iisbaan, earst noch de âld iisbaan oan de Kúpersstrjitte en fanôf 1967 de “nije” iisbaan op it hjoeddeistige plak. Mear as 20 jier hat hy foar de iisklup yn it spier west. Foar al syn wurk yn it iisklup bestjoer waard er yn novimber 1983 beneamd ta Lid fan Fertsjinste fan IJsclub “Bergum”. Njonken syn bestoerslidmaatskip wie Kloosterman mei syn frou Atsje (stoarn ein 2002) in markant troud pear. By mannich optocht en feest yn Burgum wiene Klaas At ferklaaid yn de tiid fan lang ferlyn. Ek yn harren museum(-ke) Lyts mar Smûk efterhûs bewarren se in soad oantinkens oan eartiids. Syn dwaan en litten foar de iisklup, hâlde wy yn ús neitins. Wy winskje de bern, pake- en oerpakesizzers in soad sterkte ta de kommende tiid.

Geef een reactie