Earelid Piet Dalstra ferstoarn.

Saterdei 11 maart 2017 is yn’e âldens fan 85 jier ferstoarn ús âld bestjoerslid Piet Dalstra. Yn 1967 kaam Dalstra yn it iisklup bestjoer yn de funksje fan sikretaris, in tal jierren letter waard hy foarsitter. Dizze funksje hie Dalstra oant syn ôfskie as bestjoerslid. Hast 30 jier hat hy foar de iisklup yn it spier west. It útdjipjen fan de iisbaan en de oanlis fan de eilannen begjin 80-er jierren wie syn idee. Foar al syn wurk yn it iisklup bestjoer waard er yn novimber 1995 beneamd ta Earelid fan IJsclub “Bergum”. Syn krewearjen foar de Burgumer iisklup kin as foarbyld en stipe tsjinje foar eltsenien dy’t ús iisklup noch in lang en goed bestean tawinsket. Syn waarme belangstelling foar de iisklup, ek nei syn ôfskie as bestjoerslid, hâlde wy yn ús neitins. Wy winskje frou Dalstra, bern, pake- en oerpakesizzers in soad sterkte ta de kommende tiid.

Geef een reactie