Ald bestjoerslid Wybe Veenstra ferstoarn.

Saterdei 30 jannewaris 2016 is nei in slimme sykte dochs noch hommels út ús fermidden weirekke ús âld bestjoerslid Wybe Jisk Veenstra. Hy wie krekt 68 jier âld wurden. Wybe kaam yn novimber 1996 yn it bestjoer yn de funksje fan sikretaris. It sikretariaat hat oant 2003 yn syn hannen west en dêrnei wie Wybe “bijhuppelend bestuurslid” sa as er dat sels neamde. Baan feie en de masjines ûnderhâlde wiene dingen dêr’t er aardichheid oan hie. By wedstriden wie Wybe faaks starter. Yn de ledegearkomste fan novimber 2012 naam er ôfskie, mar hy joech himsels ek fuort op as frijwilliger. Wybe wie in man mei in eigen miening, dy’t stie foar syn wurden en hy hie altiten wille. Sa hâlde wy him yn ús neitins.

Geef een reactie

Deze website gebruikt Akismet om spam te verminderen. Bekijk hoe je reactie-gegevens worden verwerkt.