Ald bestjoerslid Dirk Scherjon ferstoarn.

Freed 9 novimber 2012 is yn’e âldens fan 91 jier ferstoarn ús âld bestjoerslid Dirk Scherjon. Yn it begjin fan de jierren 60 waard Scherjon beneamd yn it iisklup bestjoer yn de funksje fan algemien bestjoerslid. Mear as 20 jier hat hy foar de iisklup yn it spier west. Foar al syn krewearjen yn it iisklup bestjoer waard er yn novimber 1983 beneamd ta Lid fan Fertsjinste. Syn waarme belangstelling foar de iisklup hâlde wy yn ús neitins. Wy winskje frou Scherjon, bern, pake- en oerpakesizzers in protte sterkte ta de kommende tiid.

Geef een reactie